Minder oerlêst troch jongerein yn Haulerwyk mei tank oan breed opset projekt

14 jul 2019 - 18:12

In breed opset projekt yn Haulerwyk om de oerlêst troch jongerein yn it doarp tsjin te gean liket fertuten te dwaan. Neffens foarsitter Anne Hof fan it pleatslik belang is de oerlêst mei trijekwart werombrocht.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Haulerwyk Anne Hof de oerlêst yn it ferline

It projekt is opset doe't de oerlêst de spuigatten út rûn. Benammen de âlderen yn it doarp fielden har net mear feilich. It projekt hat as basis de pedagogyske wurkwize Young Leaders, betocht en yn de merk sett troch de Amsterdammer Jaap Noorda. Trochborduerjend op dy wurkwize hat Haulerwyk it projekt Het Betrokken Dorp opset.

Jaap Noorda oer it projekt Young Leaders

Young Leaders giet derfan út dat guon jongeren by de hân nommen wurde moatte yn stee fan dat se straft wurde. Se krije ferantwurdlikheid en dat soarget derfoar dat se mear ferbining krije mei it doarp.

Twongen om nei te tinken

Jongereinwurk Scala yn Eaststellingwerf spilet in wichtige rol omdat dy direkt kontakt mei de jongerein hat en it projekt mei harren útfiert. Jongereinwurker Jacky Latumalea is entûsjast oer Young Leaders. Neffens him wurde de jongeren echt twongen om nei te tinken oer har hâlden en dragen. Dat is net altyd like maklik, mar úteinlik smyt it wol wat op.

Underdielen fan it projekt binne ek dat de jongeren saken yn it doarp organisearje. Sa hat de earste groep dy't mei it projekt oan de slach gie in poolparty organisearre, dat in grut sukses waard mei mear as 200 besikers.

Jacky Latumalea oer de praktyk

..

Dochs is it net allinne mar in suksesferhaal. Henk de Jong wennet flakby de twa konteners dy't delset binne om de jongerein in plakje te bieden. Dêr giet it net altyd sa't it moat. Koartlyn ûntduts hy dat der brân west hie: de stuollen en in tafel wiene yn 'e brân stutsen.

Henk de Jong mei René Koster op it hingplak

Neffens pedagooch Jaap Noorda hoecht it net sa te wêzen dat de jongerein út Haulerwyk ferantwurdlik is foar de fernielings by it hingplak. Dat kin likegoed troch oaren dien wêze; der binne gjin tsjûgen. Boppedat seit hy dat der ek net ferwachte wurde kin dat it no allegear yn ien kear wer hielendal goed is. Der is foarútgong, mar sa no en dan giet it ek wer mis.

reaksje Jaap Noorda op de fernielings

Haulerwyk is noch net hielendal fan de oerlêst troch de jongerein yn it doarp ôf, mar it giet wol de goede kant op. Dat mei de konklúzje wêze nei oardel jier yntinsyf krewearjen om de kleau tusken jong en âld yn it doarp te fuort te heljen. "We binne der noch net, we binne ek noch yn petear mei de gemeente, want de jeugd móat in eigen plak ha. Mar we geane wol de goede kant op", sei foarsitter Anne Hof fan pleatslik belang yn it radioprogramma Buro de Vries, dat snein in útstjoering makke út Haulerwyk wei.

Anne Hof oer de resultaten fan it projekt

(advertinsje)
(advertinsje)