Hinke Schokker draaft 214 kilometer yn 24 oeren: "Se hiene it my ôfret"

14 jul 2019 - 17:35

Hinke Schokker fan Eastermar hat 24 oeren achter elkoar draafd. Dat die se op in hurdfytsbaan yn Deventer. Yn dy 24 oeren kaam Schokker ta in ôfstân fan 214,3 kilometer. Dêrmei waard se twadde yn in ynternasjonaal fjild fan 20 dielnimmers, wêryn't Schokker de iennige frou wie. "Ik bin no wol in bytsje wurch, want ik mis ek in nacht sliep."

Hinke Schokker (argyf) - Foto: De Vries Media

Schokker hat hast non-stop rûntsjes draafd, op de baan fan 1295 meter. Se mocht sels witte wannear't se skoft hâlde woe om te iten en te drinken. Dat hat se hast net dien. "Ast in goede ôfstân rinne wolst, kinst better gjin rêst nimme. Dat is oan dysels. Ik wist ek net sa goed hoe't ik it mei it iten ha moast. Se hiene iten regele, mar ik ha it mei myn eigen iten dien: in protte geltsjes, snoep en enerzjydrinken. Der binne minsken dy't in oere lang ieten of slept ha, mar dat woe ik net dwaan."

Earste kear

It wie foar it earst dat Schokker oan sa'n wedstriid fan 24 oeren meidie. "Ik hie dus ek gjin idee wat ik derfan ferwachtsje moast. Se hiene my ek ôfret om mei te dwaan. Mar ik koe my hjir kwalifisearje foar it WK en dat ha ik ek dien." Dat WK is ein oktober yn Frankryk. Om't Schokker de iennige frou wie, koe se gjin offisjeel Nederlânsk kampioene wurde. De iennige dielnimmer dy't fierder rûn as Schokker, wie dus in man. It ferskil wie net grut: sa'n 500 meter.

It rinnen sels gong benammen oan it begjin hiel goed by Schokker. "Ik rûn sels fier ûnder it Nederlânsk rekôr. Dat hie ek ek graach ha wold. Mar op de ein bin ik ridlik ynstoart, ik waard dochs wat wurger as dat ik ferwachte hie. Dus yn dat opsicht bin ik net sa tefreden. Ik bin wol fansels bliid dat ik my kwalifisearre ha foar it WK. Dat is wol spesjaal."

Ik ha in bytsje neitocht oer wat ik noch foar it wurk dwaan moat.

Hinke Schokker

Yn totaal hat Schokker 165 rûntsjes rûn op de hurdfytsbaan. "Dat is wol in bytsje 'geestdodend'. Ik hie soks ek alris yn Stienwyk dien mei safolle rûntsjes. Moatst dysels wat fermeitsje kinne, it is in mentaal dinkje. Ik ha ûnderweis wat mei oare dielnimmers praat, want ferfeelst dy oars wol wat. En normaal bin ik mei wedstriden allinnich mei it hurdrinnen dwaande, mar no net. Ik ha in bytsje neitocht oer wat ik noch foar it wurk dwaan moat."

It leafst docht Schokker takom wike alwer mei oan de maraton fan Diever. "Mar ik moat aanst earst mar even rêste. Ik hinget der wat fanôf hoe't ik my moarn fiel. Ik hie noch nea fierder rûn as 100 kilometer, dus ik ha no wol wat spierpine."

Hinke Schokker

(advertinsje)
(advertinsje)