Partoer Bergsma hat de foarm te pakken: no ek winst yn Boalsert

14 jul 2019 - 16:51

It partoer fan Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hat snein it haadklassekeatsen yn Boalsert wûn. Se wienen yn de finale mei 5-2 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Enno Kingma, Alle Jan Anema en Daniël Iseger.

It earste buordsje yn de finale wie foar it partoer fan Bergsma. Dêrnei sloech Bergsma de bal op 6-6 yn it twadde earst foar. In earst letter waard it op 'e nij 6-6. Diskear helle Bergsma mei in sitbal it earst wol binnen.

Kingma kaam mei in skjinne seis wer op likense hichte, mar dêrnei gie it rap. Fia earsten fan 6-2, 6-4 en 6-6 rûnen Bergsma en dy út nei 5-2. Op 5-2 en 6-2 makke Hiemstra it spul út mei in boppeslach op in opslach fan Kingma. Hans Wassenaar waard útroppen ta kening.

Hans Wassenaar - Foto: Henk Bootsma

De lytse preemje wie foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Sy giene der yn de heale finale mei 5-1 en 6-2 ôf tsjin Bergsma en dy.

It partoer fan Kingma hie op de twadde list foar in ferrassing soarge troch mei 5-4 en 6-6 te winnen fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Dat partoer hie nota bene in foarsprong fan 4-1.

It is de tredde winst foar Bergsma en dy yn twa wiken. Earder wûnen se yn Harns en ôfrûne freed wiene se de sterksten op It Hearrenfean. Mei noch goed twa wiken oant de PC liket it partoer fan Bergsma dus de foarm op tiid fûn te hawwen.

Kingma pakte twa dagen lyn mei Alle Jan Anema en Jouke Bosje de lytse preemje. Hy kin de rankingpunten goed brûke, want hy keatst op it stuit sûnder syn twa fêste maten: Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong binne beide blessearre.

(advertinsje)
(advertinsje)