FIDEO: Hichtepunten fan de Waadhoekeljepperij yn Winsum

14 jul 2019 - 16:16

De Waadhoekeljepperij yn Winsum wie de twadde wedstryd yn de Gouden Rige. It wie in spesjale wedstryd, want net de fierste ôfstân wie bepalend, mar de optelsom fan twa foarrondesprongen én de finalesprong smiet de deititel op. En dat levere ferrassende kampioenen op.

Yn de Topklasse kaam Thewis Hobma ta 19.56 en 19.52 en gie sa mei 39.08 meter as bêste nei de finale. Sytse Bokma siet dêr flak achter: fia 19.58 en 19.32 naam hy 38.90 mei nei de finale.

Ysbrand Galama sette mei 19.91 meter de fierste ôfstân del. Gewoanwei binne je dan winner, mar no net. Want syn twadde sprong wie 18.81, en dus gie hy mei 38.72 meter as tredde nei de finale.

Yn de finale krige elke ljepper ien sprong om totaal-winner te wurden. Galama gie te wetter en foel dus ôf. Sytse Bokma koe de druk by Hobma dellizze, mar gie ek wiet. Oergongsklasser Feike Stellingwerf kaam as fiifde yn de finale, mar ljepte in nij PR fan 19.04 en stie sa mei stip op ien.

Allinnich Thewis Hobma koe dêr noch oerhinne. Syn 18.32 m op safe wie rom foldwaande foar de winst. Hy kaam út op 57.40 meter, mear as 4,5 meter fierder as de ferrassende nûmer twa Feike Stellingwerf (52.86 m).

Junioaren

By de junioaren is Wietse Nauta al tolve wedstriden op rige de sterkste Fries. Mar syn 16.85 meter is te beljeppen troch oaren. Dé ferrassing by de junioaren waard Folkert Veldstra út Akkrum. Mei 17.06, 17.07 én in nij PR fan 17.88 meter waard Veldstra hjir de mear as terjochte winner (52.01 m).

Froulju

By de froulju gie de winst nei Marrit van der Wal (43.93 m). Mei in fierste sprong fan 15.48 meter wist se úteinlik yn de einstân Sigrid Bokma mei minder as 60 sintimeter foar te bliuwen.

Jonges

Rutger Haanstra makke by de jonges syn favoriterol hielendal wier. Hy wûn mei oermacht en sette boppedat mei syn topsprong fan 18.24 meter in nij skânsrekôr del yn Winsum (50.41 m).

Famkes

En ek by de famkes gie de titel nei de klassemintsleider. Femke Rispens wûn mei mear as 2,5 meter ferskil de haadpriis en ljepte as fierste in kreaze 15.10 meter (42.45 m).

(advertinsje)
(advertinsje)