Tauber falt betiid yn wrâldbekerwedstriid Les Gets

Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld is snein by de wrâldbekerwedstriid yn Frankryk betiid yn de wedstriid fallen.
© www.orange-pictures.nl
Se stiet noch wol sechsde yn it wrâldbekerklassemint.
De wedstriid wie yn it plakje Les Gets. Dy waard wûn troch Kate Courtney, de wrâldkampioene út Amearika. Jolanda Neff út Switserlân waard twadde, foar de Dútske Elisabeth Brandau.