Twa auto's swier skansearre nei ûngelok by Nijeberkeap
By in ûngelok by Nijeberkeap binne sneintemiddei twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Dat barde op de krusing fan de Grindweg mei de Prikkedam.
Oanlieding fan de oanriding soe in foarrangsflater wêze. Beide auto's binne swier skansearre rekke, mar der binne gjin ferwûnen.