Minke & Lucia winne de Fryske singer-songwriter contest 2019

De finale fan de singer-songwriter contest 2019 is wûn troch it duo Minke & Lucia. Mei har Frysktalige repertoire en ynventive arranzjeminten oertsjûgen se de sjuery yn in spannende finale.
© Titus van 't Veer
De finale fan de contest wie op it Farmfest Summerfestival yn Aldetrine. Nei twa foarrondes wienen der fiif finalisten: Berend Riemersma, Silke van Wijngaarden, Annike, Minke & Lucia en Tom Wiegersma.
De sjuery, besteande út Sido Martens, Esther de Jong en Stephan Janssen, keas foar Minke & Lucia om't se goed mei elkoar spylje, tekst en muzyk in hechte ienheid foarmje en de tematyk fan de lietsjes.
De priis bestiet út in pear optredens, sa sil it duo de kommende tiid optrede op it Troubadour Treffen en it Friese Lente-festival. En in part fan de priis is jild dat se brûke kinne foar opnames, songwriting-sessys of coaching.
De wedstriid waard foar de fjirde kear organisearre troch de Stichting Friesland Pop. Eardere winners wienen Zippora Tieman, Ella & Her Man en Sarah Sötemann.