Nyck de Vries wurdt tredde yn sprintrace op sirkwy fan Silverstone

14 jul 2019 - 12:30

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is snein tredde wurden yn de sprintrace op it sirkwy fan Silverstone yn Ingelân. Hy stie tredde by de startopstelling. De Brit Jack Aitken wûn en de Switser Louis Delétraz waard twad.

Nyck de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

De 24-jierrige De Vries liedt it algemien klassemint yn de Formule 2 mei 170 punten. Sneon waard er sechsde op itselde sirkwy.

De Formule 2, it 'foarportaal' foar de Formule 1, giet it earste wykein yn augustus yn Hongarije fierder.

(advertinsje)