Aldtsjerk hat in eigen audiokuier

De Aldtsjerkster audiokuier is freed presintearre. Op tolve werkenbere markearringspunten yn en om it doarp hinne kinne belangstellenden mei de smartphone nei ynformaasje op in webside ta.
© Omrop Fryslân
Dêr binne tolve audiofragminten, yn sawol it Frysk as it Nederlânsk, te beharkjen.
Op dizze wize wol it jubilearjende doarpsbelang fan Aldtsjerk -dat 125 jier bestiet- toeristen en bewenners yn 'e kunde komme litte mei it âldste doarp fan de Trynwâlden.