BallonRadio komt werom mei Jouster ballonfeesten

14 jul 2019 - 11:07

BallonRadio komt dit jier wer werom by de Ballonfeesten op De Jouwer. BallonRadio wie earder in begryp: mei de eardopkes yn of de autoradio oan: sa harken earder tûzenen minsken op de Nutsbaan of yn de berm nei BallonRadio.

Foto: Foto Dick Verton 

Lokale omrop Oskar Radio die live ferslach fan de Ballonfeesten, mar ein 2007 hâlde Oskar Radio & TV op te bestean en sa kaam der ek in ein oan BallonRadio.

In team fan presintatoaren mei Renze Lolkema, Wiebe Krist, Hans Eisma, Douwe van der Kooij, Anne de Boer, Will Vandersloot en Erica Krikke docht dit jier ferslach fan it omheech gean fan de ballonnen en hâldt ynterviews mei de ballonfarders, gasten en bekende Friezen. Der binne ek live-optredens.

Sfearympresje

Ald-meiwurkers wurkje no gear mei de frijwilligers fan Radio Spannenburg, de hjoeddeiske lokale omrop fan de gemeente De Fryske Marren. "Onze insteek is om met BallonRadio een prachtige sfeerimpressie te geven van de 34ste editie van de Friese Ballonfeesten", ljochtet âld-Oskariaan Will Vandersloot ta.

BallonRadio is dit jier fan de Nutsbaan ôf te hearren fan kommende woansdei oant en mei sneon, alle jûnen tusken 18.00 en 21.00 oere.

Foto: Foto Dick Verton 

De útstjoeringen binne fan 17 oant en mei 20 july te folgjen fia de frekwinsjes fan Radio Spannenburg (96.4 FM yn de eter, op de kabel 104.1 FM) en online op www.radiospannenburg.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)