Mear as fyftich keunstners toane wurk by Open Stal yn Aldeberkeap

'De mens wikt...' is it tema fan Open Stal, de keunstrûte dy't dit jier foar de 48ste kear organisearre wurdt. Oan de keunstrûte dogge mear as 50 keunstners mei.
© Open Stal
Yn Aldeberkeap is op tal fan plakken keunst te sjen, net inkeld yn de bûtenloft, mar ek binnendoar op ferrassende lokaasjes lykas in tsjerke, pleats, garaazje, skoalle en bus.
Sa lit de Amerikaanske keunstner Valya Simpson bygelyks metershege gesichten fan tekstyl ferskine yn de tsjerke. Yn de Molenbosch is wurke oan it permaninte keunstwurk 'De blauwe stad' troch keunstnersduo Buij & Groenewoud. Ynwenners fan Aldeberkeap ha meiwurke oan dit keunstwurk troch glês yn alle tinten blau yn te leverjen.
De keunstrûte is twa kilometer lang. Besikers kinne ek wite fytsen liene. Yn de wykeinen is der ek in muzykpoadium.
Open Stal begjint 20 july en duorret oant en mei snein 18 augustus. It is alle dagen te besykjen tusken 13.00 en 18.00 oere.
Klik hjir foar de dielnimmende keunstners.