Kening Striid op Imaginarium-festival útroppen ta 'masterstoernoai'

De Kening Striid op it Imaginarium-festival yn Tytsjerk is dit jier troch it ynternasjonale bûn útroppen ta 'Bohurt League Masterstoernoai'. Dat betsjut dat yn West-Europa gjin grutter en wichtiger toernoai is dit jier.
Troch de 'mastersstatus' kin rekkene wurde op de komst fan de absolute wrâldtop; fan de 10 bêste teams fan de wrâld steane der 9 op de Kening Striid. Mei elkoar komme der 39 teams foar de striid om de 'Stalen Kroon'.
Teams fan fiif minsken nimme it yn midsiuwske replikaharnassen mei swurden en bilen tsjin elkoar op. Doel is om it oare team mei fiif tsjinstanners op de grûn te smiten en se sa út te skeakeljen.
Bohurt, of Buhurt, is ta in soarte fan Fryske folkssport útgroeid. Der ha al ferskate eveneminten yn Fryslân west, lykas Baldrs Barbaarse Bohurt en Lytse Kening (yn Drachten), de Dokk'em Buhurt Challenger yn Dokkum en fansels de Kening Striid.
De Kening Striid wurdt dit jier foar de tredde kear organisearre. It Imaginarium-festival is op 16, 17 en 18 augustus.