Eefkes byprate mei: Willem Zwaga fan it Ljouwerter skûtsje

14 jul 2019 - 08:02

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start steane fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Dizze snein is dat Willem Zwaga fan it skûtsje fan Ljouwert.

Willem Zwaga - Foto: Martin de Jong

Willem Zwaga is sûnt 2017 skipper fan it skûtsje fan Ljouwert. Yn 2018 einige Ljouwert op it fiifde plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Us teamspirit is altyd goed. Neist dat wy mei-inoar sile by it skûtsjesilen binne wy ek freonen. Wy sile ús hiele libben al mei-inoar dus dat giet fansels."

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Ik syl graach op Grou, om't dêr it spektakel begjint. Fierder sile wy ek graach op rom wetter, dêr kinst hearlik dyn eigen koers farre."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Wy besykje dit jier de dikke missers te mijen en konstant by de earste 7 te farren."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Wy hawwe 1500 kilo ballêst út it skip helle om mei lichter waar hurder te gean. Hjirfoar moasten wy twa kante meter oan seil ynleverje, dat hawwe wy út de fokken helle. Dêrfoar hawwe wy dus twa nije fokken oanskaft."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Dat kin ik net fertelle, fansels."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"Wy hawwe twa wiken in kok mei en krije alle dagen hearlik farsk iten. It lekkerste fyn ik snijbeanen of makaroany."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"Ik tink dat it dit jier om Grou, It Hearrenfean, De Lemmer, Akkrum en Earnewâld giet. Al tink ik dat Huzum, mar ek wy wol foar ferrassingen soargje kinne."

Wêrom sille jim dit jier winne?
"Ik tink dat wy ek dit jier wer ferrasse sille. We moatte besykje net yn protestsituaasjes te kommen en as dy der wol komme, dan moatte se earlik behannele wurde."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei in folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(advertinsje)
(advertinsje)