Ynbrekker falt yn Drachten fan dak

14 jul 2019 - 07:09

Yn Drachten is sneontenacht in ynbrekker ferwûne rekke nei't er fan in dak foel. De ynbrekker wie it dak fan in wenning oan de Leidijk opklommen nei't er trappearre wie. Hy woe fan de wenning op it garaazjedak springe en foel dêrnei op de grûn.

Foto: De Vries Media

De plysje hat de ynbrekker oanhâlden. Nei behanneling is er oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. De plysje is achter de ambulânse oanriden.

Trefwurden: 
plysje Drachten ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)