Thewis Hobma wint, mei rekkenmasine yn de hân, de Waadhoekeljepperij

Thewis Hobma hat sneontejûn de Waadhoekeljepperij wûn. Hy kaam sneontejûn ta in ôfstân fan 57.40 meter. Dat liket hiel fier, mar dat komt om't der yn Winsum in nij systeem brûkt waard om ta in winner te kommen.
Thewis Hobma wint Waadhoekeljepperij
Sa waarden fan alle ljeppers de fierste twa sprongen út de foarronde by inoar opteld. Yn de finale krigen de bêste seis ljeppers dan noch ien sprong, dy't ek wer by it eardere totaal opteld waard. De winner waard dus de ljepper dy't gemiddeld oer trije sprongen it fierste ljept hie.

Rekkenje, rekkenje, rekkenje

Nei de foarronde hie Ysbrand Galama de fierste sprong (19.91m) makke, mar de bêste twa sprongen wiene fan Thewis Hobma (39.08m totaal). Yn de finale sprongen Galama, Sytse Bokma en Rutger Piersma allegear yn it wetter. Foar harren tredde sprong krigen sy dus in ôfstân fan 0 meter. Hobma ljepte mei syn finalesprong nei 18.32 meter, en dat wie yn dit nije systeem mear dan genôch foar de winst.
Feike Stellingwerf stie nei de foarronde - troch sprongen fan 16.22m en 17.60m - noch fier achter it poadium, mar ljepte yn de finale in PR fan 19.04m. Dêrmei foel syn totaalskoare heger út dan dy fan de wietspringers en pakte hy de twadde priis.

Nauta wint net by junioaren

By de junioaren gie de winst foar de earste kear dit jier net nei Wietse Nauta. Dat hie net in soad út te stean mei it nije systeem yn Winsum. Nauta skoarde gjin inkelde sprong boppe de 17 meter, wylst Folkert Veldstra dat trije kear wol die. Syn finalesprong fan mar leafst 17.88m betsjutte sels in nij persoanlik rekôr foar de ljepper út Akkrum.
Folkert Veldstra oer de winst by de junioaren
De winst by de topklasse foar jonges gie nei Rutger Haanstra mei in totaal fan mar leafst 50.41m. Syn fierste ôfstân fan 18.24 m is boppedat in nij skânsrekôr yn Winsum.

Van der Wal en Rispens winne by froulju

De winst by de froulju gie nei Marrit van der Wal mei 43.93m. By de famkes wie Femke Rispens de winner mei in totaalskoare fan 42.45m.