FIDEO: SC Hearrenfean spilet lyk tsjin KV Mechelen en ferliest fan FC Volendam

13 jul 2019 - 20:59

SC Hearrenfean hat sneon twa oefenwedstriden spile. Tsjin it Belgyske KV Mechelen waard it 2-2. Earder op de dei ferlear it twadde alvetal fan de Feansters mei 4-1 fan FC Volendam.

Hearrenfean kaam tsjin Mechelen al rap op foarsprong. Al yn de sechsde minút wie it Odgaard dy't in foarset fan Van Bergen binnen koppe koe. Nei dat goede begjin sakke Hearrenfean fier fuort en wie Mechelen better. In kertier nei de iepeningstreffer makken de Belgen fertsjinne de lykmakker, troch de 1-1 fan Gustav Engvall. Dat wie ek de stân by it skoft.

Johnny Jansen hie syn ploech yn it skoft op skerp setten, want binnen twa minuten wie it raak. Mei in fraai hakje makke Odgaard syn twadde fan de wedstriid. Nettsjinsteande de goal sakke Hearrenfean fierder yn de twadde helte wer fuort. Tsien minuten foar tiid waard de 2-2 fan Togui noch ôfkard foar bûtenspul, fjouwer minuten letter makke Kaya der dochs in lykspul fan.

SC Hearrenfean - KV Mechelen 2-2 (1-1) 6. Odgaard 1-0; 22. Engvall 1-1; 47. Odgaard 2-1; 84. Kaya 2-2.

Opstelling SC Hearrenfean: Bednarek, Floranus, Høegh, Dresevic, Woudenberg, Kongolo, Faik, Rienstra, Bruijn, Odgaard en Van Bergen.

Opstelling KV Mechelen: Verrips; Van Cleemput, Thibaut, Swinkels, Bijker; Kaya, El Messaoudi (46. Van Damme), Schoofs, Tainmont; Togui, Engvall.

Earder op de dei spile SC Hearrenfean mei in oar alvetal njoggentich minuten tsjin FC Volendam. Yn dy wedstriid giene de Feansters mei 4-1 ûnderút. Dat ferlies tekene him al nei 3 minuten ôf, doe't Volendam troch in kopbal fan Tol op 1-0 kaam.

Foto: www.orange-pictures.nl

Nei it skoft wie it Joey Veerman dy't der 2-0 fan makke. Ut in hoekskop koe Jizz Hornkamp mei de 2-1 wat werom dwaan, mar noch gjin fiif minuten letter wie it Kaars dy't it ferskil wer op twa brocht. Dyselde Kaars makke der in kertier foar tiid sels 4-1 fan.

SC Hearrenfean - FC Volendam 1-4 (0-1) 3. Tol 1-0; 50. Veerman 2-0; 62. Hornkamp 2-1; 65. Kaars 3-1; 75. Kaars 4-1.

Opstelling SC Hearrenfean: Kroesen; Akujobi, Drkusic, Skovgaard, Beuker; Westra, Hajal, Frederiksen; Van der Heide, Hornkamp, Mihajlovic (46. Adney).

Opstelling FC Volendam: Bakker; Betti (46. B. Plat), M. Tol (67. Betti), Eerdhuijzen (67. J Vlak), Baly (46. Smal); A. Plat (46. Runderkamp), J. Veerman (67. J. Vlak), J. Vlak (46. G. Vlak); Doodeman (46. Kaars), Peters (67. Doodeman), Murkin (46. El Azzouzi).

(Advertinsje)
(Advertinsje)