Rebûlje op Skylge om iepenbier meitsjen brief fan ambulânsesoarch UMCG

13 jul 2019 - 19:46

Boargemaster Wassink fan Skylge makket him soargen oer it funksjonearjen fan it gemeentebestjoer op it eilân. Dat skriuwt hy ien in brief oan de gemeenteried. Dat hat alles te krijen mei it iepenbier meitsjen fan in brief troch Gossen Bos fan de lokale partij Samen.

Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It giet om in brief fan UMCG ambulânsesoarch. Dêryn wurdt de needklok let oer it drankmisbrûk ûnder jonge toeristen op Skylge. De brief waard ferline jier al nei de gemeenteried stjoerd. Samen Terschelling fûn dat der net genôch mei de oprop dien wie, en makke de brief earder dizze wike iepenbier. Dat is neffens boargemaster Wassink tsjin de ôfspraak mei UMCG yn, sa skriuwt er oan de gemeenteried.

"De brief was geschreven aan het college van B&W en met toestemming van het UMCG gedeeld met raadsleden onder de uitdrukkelijke voorwaarde dat de brief vertrouwelijk zou worden behandeld. Het openbaar maken van deze brief brengt uw raad en mij als burgemeester in verlegenheid," seit Wassink. Hy hat syn ekskús oanbean oan UMCG foar it útlekken fan de brief.

'Een tiener tussen zes plankjes op de boot naar huis'

Yn reaksje op de brief fan de boargemaster hat ek Gossen Bos fan Samen Terschelling op syn beurt in reaksje stjoerd oan de gemeenteried. Dêryn skriuwt hy: "U denkt bij de term 'integriteit van raadsleden' aan het geheim houden van belangrijke zaken op Terschelling. Wij denken bij die term aan de verantwoordelijkheid van het aan de kaak stellen en bespreekbaar maken van belangrijke zaken op Terschelling."

Bos sprekt hurde wurden yn syn antwurd oan de ried: "Waar u denkt aan het beschermen van ambtenaren, regeltjes en protocollen, denken wij aan de mogelijkheid dat er straks een tiener tussen zes plankjes op de boot naar huis staat omdat wij allemaal de andere kant op keken. Het is veelzeggend dat u de boodschapper aanvalt in plaats van de boodschap."

Boargemaster nimt problematyk serieus

De boargemaster skriuwt nettsjinsteande de hurde krityk fan Bos dat hy de problemen serieus nimt: "De problematiek die in de brief van het UMCG geschetst wordt, wordt raadsbreed herkend en erkend. Dat het thema aandacht krijgt is naar mijn oordeel prima. Maar niet met behulp van een brief die we vertrouwelijk zouden behandelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)