Fryslân boppe by massastart foar froulju op Thialf

13 jul 2019 - 18:57

Op Thialf is sneontemiddei alwer de earste wedstriid fan it nije seizoen riden. Marijke Groenewoud fan Hallum wie de rapste op de massastart, foar Olympysk shorttrackkampioen Suzanne Schulting.

Foto: www.orange-pictures.nl

Foar de finale fan de massastart riden waard, wiene der earst twa heale finales. Allinnich de bêste riders út dy heale finales pleatsten har foar de finale. Dêryn wie it Fryslân boppe. Groenewoud wie de rapste yn de sprint, foar Suzanne Schulting. It tredde plak wie foar Femke Kok út Nij Beets.

By de manlju gie de oerwinning nei Marcel Bosker. Hy wûn foar Jan Blokhuijsen en de pas 20-jierrige Tjerk de Boer út Weidum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)