Nyck de Vries sechsde yn Formule 2 race op Silverstone

13 jul 2019 - 18:34

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is sneontemiddei by de Formule 2-race yn Ingelân as sechsde einige. Op it sirkwy fan Silverstone begûn hy as sânde oan de race.

Nyck de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

De Italiaan Luca Ghiotto pakte de winst op Silverstone, foar Nicholas Latifi. De 24-jierrige De Vries begûn de race yn Ingelân as lieder fan it algemien klassemint yn de Formule 2. Dat is hy nei de race noch hieltyd mei 160 punten. Latifi is twadde mei 133 punten, Ghiotto tredde mei 122 punten.

Snein is der noch in saneamde sprintrace. Dêryn stiet De Vries tredde by de startopstelling.

(advertinsje)