Garden of Dance giet net troch yn de Snitswike

13 jul 2019 - 18:14

Garden of Dance, it dancefeest yn de Snitswike, giet dit jier net troch. De organisaasje kin him net fine yn de betingsten dy't de gemeente Súdwest-Fryslân oan in eventuele fergunning ferbine moat. Dêrom hat de gemeente de fergunning foar it festival wegere. It evenemint soe plakhawwe fan 2 oant 10 augustus yn Snits.

It dancefeest yn de Snitswike - Foto: Organisaasje Garden of Dance

It festival waard ôfrûne jierren altyd yn de tún fan it stedhûs yn Snits organisearre, mar de tún is net mear beskikber om't it gemeentehûs ferboud wurdt. As alternatyf wie it Bristolterrein yn de stêd fûn.

Foar dy nije lokaasje moast de gemeente wol in nije fergunning ôfjaan. Nei petearen mei omwenners en de organisaasje joech de gemeente oan dat oan dy fergunning wol betingsten sieten. Mei dy betingsten koe de organisaasje net út de fuotten. Boargemaster Jannewietske de Vries hat doe it beslút naam om de fergunning foar Garden of Dance foar dit jier te wegerjen.

Organisaasje snapt der neat fan

De organisaasje fan Garden of Dance is bot teloarsteld. Op harren Facebookside litte se witte dat 'Ondanks eerdere toezeggingen tussen gemeente Súdwest-Fryslân en organisatie Garden of Dance heeft de gemeente de toezegging ingetrokken en heeft aangegeven de vergunning niet te verlenen. Dit naar aanleiding van de ingestuurde zienswijzen van meerdere bewoners van de gemeente SWF.'

It festival betreuret it beslút fan de gemeente, mar leit har der foar dit jier by del.

Boargemaster snapt de teloarstelling

"Ik fyn it wichtich dat wy as gemeente sawol omwenners as de ûndernimmer serieus nimme," sa seit de boargemaster yn in parseberjocht fan de gemeente. "Op it momint dat de ûndernimmer him net fine kin yn de betingsten dy't de gemeente dêrnei oan de fergunning stelt, betsjut dat dat der dit jier gjin Garden of Dance yn de Snitswike hâlden wurdt."

De boargemaster begrypt dat it beslút foar in soad jongerein teloarstellend wêze sil. "Ik wol elkenien freegje der in moaie Snitswike fan te meitsjen. Der is genôch te dwaan om der wat moais fan te meitsjen" sa skriuwt se.

(advertinsje)
(advertinsje)