'Wonderkamers': bysûndere eksposysje yn Nijeholtwâlde

13 jul 2019 - 17:42

Yn en om it saneamde Batavushúske yn Nijeholtwâlde, in âlde wurkpleats fan fytsmakkers, is fan sneon ôf de bysûndere eksposysje Wonderkamers te sjen.

Mei de eksposysje toant Sigrid Hamelink bylden, ynstallaasjes en ljochtprojeksjes. De wurken roppe fernuvering op en stean altyd yn relaasje mei de natuer. De namme Wonderkamers hâldt ferbân mei it rariteitekabinet dat yn de 15e iuw in gongbere wize wie fan sammeljen en kennis opdwaan.

Hamelink nûget kollega's út om in bydrage te leverjen oan de eksposysje. Dizze simmer is dat Marjolein Spitteler út Easterwâlde. Sy hat har as biolooch en ek as byldzjend keunstner dwaande hâlden mei it libben as fenomeen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)