Ingelske ferdigener op proef by SC Hearrenfean

13 jul 2019 - 17:05

De Ingelske ferdigener Cameron Borthwick-Jackson sil fan moandei ôf op proef wêze by SC Hearrenfean. De 22-jierrige ferdigener stiet ûnder kontrakt by Manchester United.

It ôfrûne jier waard Borthwick-Jackson ferhierd oan Scunthorpe United. Op 18-jierrige leeftiid makke Borthwick-Jackson syn debút foar Manchester United. Yn totaal spile hy tsien kear foar de Mancunians.

(Advertinsje)
(Advertinsje)