Brûns foar judoka Tsjakadoea by Grand Prix Budapest

13 jul 2019 - 16:38

Judoka Tornike Tsjakadoea hat sneontemiddei in brûnzen medalje ferovere by de Grand Prix fan Budapest. Yn Hongarije wie hy yn it gefjocht om it tredde plek te sterk foar de Spanjaard Francisco Garrigos.

Tsjakadoea kaam yn Budapest yn de heale finale fan de klasse oant 60 kilogram nei oerwinningen op Diop út Senegal en Enkhtaivan út Mongolië. Yn de heale finale wie de Kazak Smetov te sterk foar de Ljouwerter judoka.

Dochs wie der úteinlik brûns foar Tsjakadoea, troch oerwinningen yn de herkânsing op Lee út Súd-Koreä en Garrigos út Spanje.

(advertinsje)
(advertinsje)