Boalsert yn it spier foar eigen strân

Mei man en macht is sneontemoarn wurke oan de oanlis fan in nij strân by Boalsert. It strân is inisjatyf fan in groep ynwenners fan de stêd en is, mei tastimming fan de gemeente, ek troch de ynwenners sels oanlein. Fjirtich frijwilligers giene oan de slach krekt bûten de stêd oan de Warkumer Trekfeart.
Boalsert leit eigen strân oan
De inisjatyfnimmers binne al jierren dwaande mei it sykjen nei in plak foar de Boalserters om yn it bûtenwetter te swimmen, sa fertelt Doet Boermans, ien fan de minsken achter it nije strân. "No swimme bern by it Krúswetter yn de stêd, mar dat is wol gefaarlik mei de boaten. Dus ha we nei in alternatyf plak socht en we kamen hjir út."
It plakje oan de Trekfeart leit net gelyk foar de hân. Je moatte ûnder de A7 troch om der te kommen en hearre ek konstant de auto's dy't oer de sneldyk ride. Mar it grutste probleem is dat je der net samar it wetter yn kinne.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat probleem wurdt troch de frijwilligers dan ek as earste oanpakt. Oer in lingte fan tsien meter wurdt al it reid fuorthelle. Dêrnei komt der in stik flierbedekking op de kant en deroerhinne komt mar leafst tolve kúb sân. Ek komt der in balleline foar de feiligens. It giet foarearst om in proef fan in jier.
"We wolle nei de simmer graach hearre wat de ynwenners fan Boalsert derfan fine en dan benammen de jongerein" sa seit Boermans. "Mar ek wolle we witte wat de buorlju fan it strân derfan fine. Dêrnei sille we mei de gemeente om tafel om te sjen hoe't de takomst derút sjocht."
Wytse Vellinga seach op it strân fan Boalsert