Fuotbalfroulju Ljouwerter Sweltsjes spylje tsjin âld-Oranjeliuwinnen

De fuotbalfroulju fan it earste fan de Ljouwerter Sweltsjes ha sneontemiddei in bysûndere tsjinstanner: de âld-Oranjeliuwinnen. "Het is nog steeds een eer om het shirt van Oranje te mogen dragen, helemaal nu met het WK", fynt âld-international Hanneke Mensink. "Het is heel bijzonder om tegen zulke ervaren vrouwen te mogen spelen", seit Plony van Savooyen fan de Sweltsjes.
© Leeuwarder Zwaluwen
"Het is prachtig dat we dit mogen meemaken", fertelt Jan Adema, foarsitter fan de Sweltsjes. Syn klup slút it seizoen ôf op sportpark Nijlân mei in pear moaie fuotbalwedstriden. "Vaak gaat het om de herenteams, maar het vrouwenvoetbal vinden wij ook belangrijk en daar wilden we wat aan doen."
It is slagge om de âld-Oranjeliuwinnen komme te litten. "Fantastisch toch? Het was niet gemakkelijk, want dit is pas hun tweede wedstrijd die ze dit jaar spelen."
"Er zijn al honderden kaarten verkocht, maar ik verwacht dat er nog veel meer mensen aan de kassa komen. Het is een enorme happening, er werken wel 120 vrijwilligers aan mee. Het wordt een mooi voetbalweekend met een groot feest eromheen." Lokkigernôch ha se it fjild nei de flinke reinbuien fan freedtemiddei op 'e tiid drûch krigen. "Je kon er wel waterpoloën, we hebben de pompen bij het veld aangezet."
Foarôfgeand oan de wedstriid sjongt Elske DeWall it Wilhelmus. En dat bart fansels ek net alle dagen op in Ljouwerter fuotbalfjild.
Jan Adema, foarsitter fan de Sweltsjes
It duel einige úteinlik yn in 9-1 oerwinning foar de Oranje froulju. Krekt foar tiid wie it Ilse Groen dy't, by in 9-0 stân, de earetreffer makke.

Entûsjast meitsje

De âld-Oranjeliuwinnen mei ûnder oare Dyanne Bito, Manon Melis, Claudia van den Heiligenberg en Hanneke Mensink ha it paad frijmakke foar de suksesfolle hjoeddeiske generaasje. De spylsters wolle benammen sjen litte hoe leuk oft fuotbal is en dêr famkes entûsjast foar meitsje.
"Het is gewoon een hele leuke ervaring om tegen zulke ervaren vrouwen te mogen spelen, of we nu wel of niet winnen", seit de 24-jierrige Plony van Savooyen. Sels spilet se al sûnt har alfde. "Als je aan andere vrouwenteams in Leeuwarden vertelt dat je tegen ex-Oranje speelt, dan doet dat wel wat. Het zijn altijd de mannen die bijzondere wedstrijden mogen spelen tegen Cambuur of Heerenveen, nu mogen wíj dat. Dat is echt bijzonder!" seit keepster Marieke Smit.