Fiif Fryske sporters by International Childrens Games; neat wûn, wol gesellich

13 jul 2019 - 13:02

Fiif bern út de gemeente De Fryske Marren ha yn Ruslân meidien oan de International Childrens Games, in soarte fan Olympyske Spelen foar bern. Trije fan de fiif ha swommen, de oare twa dienen mei oan it ûnderdiel beachfollybal.

Brecht Haaijes en Birthe van Brummen ha meidien by it beachfollybaljen. "Het was heel leuk om mee te doen", fertelt de 14-jierrige Birthe van Brummen oan de telefoan út Ruslân wei. "We hebben helaas niets gewonnen. Die anderen waren gewoon heel goed, maar wij zijn ook goed. We hebben verloren van Kroatië, maar die waren heel goed. Ze zijn tweede geworden in de finale. Maar we hebben toch maar mooi gewonnen van Canada en daarom mochten we drie wedstrijden spelen in plaats van twee."

It duo spilet yn Fryslân altyd follybal yn de seal en simmers dogge se oan beachfollybal. Se binne útkeazen troch de klup, om't se de goede leeftiid hawwe en om't se it goed mei elkoar fine kinne. "Het is mijn eerste keer in Rusland, het is best wel ver weg."

Ek de swimmers ha it goed nei it sin hân, fertelt Joey. "Het is heel gezellig en we hebben veel plezier. Ook wij hebben niks gewonnen, helaas. We hebben verloren van China en Mexico. Het is leuk om mee te doen en andere culturen te zien."

De ploech fljocht sneintemoarn betiid nei hûs en wurdt sneintejûn ûntfongen op it gemeentehûs op De Jouwer.

Harkje nei de sporters

(advertinsje)
(advertinsje)