Frysk fytsnetwurk is by de tiid brocht en hat der 100 nije trajekten by

13 jul 2019 - 12:28

Fryslân is klear foar de fytsende toeristen en rekreanten, want oeral binne nije knooppunten, rûtebuorden en ynformaasjepanielen kommen. Dêrnjonken binne 100 nije trajekten oan it fytsnetwurk yn Fryslân taheakke. Rekreaasjeskip Marrekrite is ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld fan it fytsnetwurk.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

"Alles is wer by de tiid brocht, de buorden binne ferfongen en der binne dus nije trajekten bykommen", fertelt koördinator Corrie de Groot fan Marrekrite. "Guon buorden binne der al tolve of fyftjin jier lyn delset, dus ûnderhâld wie wol nedich. We wolle de kwaliteit heech hâlde. Earder gienen de paden mear om de sintra fan doarpen hinne, mar no geane de rûtes ek troch de sintra."

Earder wie Fryslân opdield yn fiif regio's, dat is no ien grut netwurk wurden, mei oeral deselde buorden en ynfopanielen. Inkeld de Waadeilannen dogge net mei.

Letter dit jier wurdt it kuierknooppunt klear makke. "Der binne noch in pear wite plakken yn de provinsje, dêr't we noch paden útsette wolle, bygelyks tusken Ljouwert en de Alde Feanen en it gebiet ûnder Frjentsjer, Harns en Boalsert."

Corrie de Groot

Sjoch hjir de kaart mei de knooppunten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)