Transportûndernimmer Boonstra: "Wy moatte wol foarop rinne, oars binne we der dalik net mear"

"Wy moatte wol foarop rinne, oars binne we der dalik net mear", dat stelt transportûndernimmer Willem Boonstra fan Haulerwyk. Hy is de tredde generaasje fan it ferneamde bedriuw dêr't no sa'n 160 minsken wurkje. It bedriuw rydt al twa jier mei in elektryske frachtwein en ferwachtet ek dat de selsridende frachtwein gau syn yntrede dwaan sil.
Willem Boonstra fan Boonstra Haulerwyk © Omrop Fryslân, René Koster
Yn in branche dêr't sa bot op priis konkurrearre wurdt, liket it apart om te ynvestearjen yn saken dy't no allinnich noch mar jild kostje. Boonstra sjocht dat oars: "Wy wolle foarop rinne en dat moat ek. Dat ha we bygelyks yn 2005 ek dien, doe mei de automatisearring fan ús bedriuw. Achternei doar ik wol te sizzen dat we der net mear west hiene, as we dat doe net dien hiene. Foar de takomst jildt dat duorsumheid hieltyd mear in kommersjele faktor wurdt, ek by ús klanten. Dêr wolle wy klear foar wêze."
Willem Boonstra
Willem Boonstra is ien fan de gasten yn de spesjale simmerútstjoering fan Buro de Vries. Snein, tusken 11 en 13 oere, strykt it programma del op it terras fan kafee 'De Koperen Pomp' en set dan it doarp Haulerwyk sintraal.