Follow the Blue Line troch Noardeast-Fryslân, in flaaksrûte mei in ferhaal

13 jul 2019 - 10:29

Flaaksrûte Follow the Blue Line set sneon wer útein. De namme ferwiist nei de flaaksblommen dy't lâns de rûte ynsiedde binne. Follow the Blue Line fertelt it ferhaal fan de teelt fan flaaks oant en mei it einprodukt. De rûte is tritich kilometer lang en rint by allegearre minsken del dy't harren dwaande hâlde mei flaaks, lykas inisjatyfnimster Nynke Runia yn Blije en Gjalt de Groot yn Holwert.

Yn maaie binne by Blije en yn Marrum fjilden ynsiedde mei rizalflaaks. No bloeie de flaaksblommen en dit is it momint om fan de blommen te genietsjen. De bloeitiid fan de blom is mar koart, want it is in iendeisblom.

Ljochtblauwe see fan blommen

Moarns betiid geane de blomkes iepen en tsjin de middei falle de bledsjes wer ôf. Om't de blommen net allegearre tagelyk iepen geane, duorret de bloei fan it flaaks yn totaal in oantal wiken. "Eltse moarn op 'e nij is dan in ljochtblauwe see fan blommen te sjen, in magysk tafriel", fertelt Nynke Runia.

Swetshok

Skriuwer Gjalt de Groot stelt syn 'swetshok' ek iepen foar besikers. De Groot sit yn Holwert en makket einekuorren fan reid en flaaks. "By it meitsjen fan einekuorren komme je ta rêst", fertelt De Groot. "De ferhalen yn myn boeken betink ik as ik oan it einekuorren meitsjen bin. Ik kin der hast net mei ophâlde." Nei in demonstraasje fan it wurk kinne de minsken oanskowe yn it swetshok. "Der stiet in grutte tafel wêr't de moaiste ferhalen nei boppe komme".

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(Advertinsje)
(Advertinsje)