Lanlik loket mynbouskea komt mei skeaprotokol
Der komt in lanlik loket mynbouskea. De problemen mei de gaswinning yn Grinslân hawwe derta laat dat no foar it hiele lân in skeaprotokol komt. Mar oars as yn Grinslân moatte dupearren sels oantoane dat har skea it gefolch is fan mynbou-aktiviteiten.
Foar Grinslân jildt dat de skea oan in gebou yn it gaswinningsgebiet per definysje feroarsake is troch gaswinning. Gaswinbedriuw NAM moat bewize as se tinke dat it oars sit. Dizze saneamde omkearde bewiislêst jildt net foar oaren.
De Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) fynt dat soks wol moatte soe foar gebieten mei mynbou. Dat soe yn 30 prosint fan de gemeenten it gefal wêze en wurdt nei alle gedachten mear troch de enerzjytransysje.
Gaswinning
It protokol sil earst jilde foar gaswinning yn de lytse gasfjilden, yn it noarden fan it lân. Letter dit jier sil dit ek jilde foar sâltwinning, geotermy, ûndergrûnske opslach fan CO2 en wetterstof.
In ûnôfhinklike kommisje moat de skea ôfhannelje. Der is in soad wantrouwen tsjin mynbou-aktiviteiten, foaral by minsken dy't by lytse gasfjilden wenje. Se binne benaud foar ierdbevingen en skea dêrtroch. Gemeenten, provinsjes en bewenners besykje de aktiviteiten faak te kearen om't se benaud binne foar problemen as Grinslân. In skeaprotokol moat bewenners minder skeptysk meitsje.
Mjitapparatuer
De termyn fan melden fan skea is in jier nei de boaiembeweging. Dêr kin de VNG him net yn fine om't skea soms pas jierren letter sichtber wurde kin. Ek fynt de VNG dat der mear mjitapparatuer pleatst wurde moat by winlokaasjes. Dy saneamde 'versnellingsmeters' moatte de nulmjitting oerstallich meitsje.