Boskwachter: 'Fersteur de natuer net as je mei in drone oer it Waad fleane'

13 jul 2019 - 08:46

Foar minsken dy't mei in drone boppe it Waadgebiet fleane wolle is in gedrachskoade opsteld. It giet om in advys lykas fljoch natuerbewust, sosjaal en feilich. "Gebruik je gezonde verstand", fertelt boskwachter Jaap Kloosterhuis fan Staatsbosbeheer.

In drone - Foto: Custom Drone

"Het probleem is dat de regelgeving onduidelijk is, dus we doen met de gedragscode een appèl op het gezonde verstand van de recreatieve dronevlieger", leit boskwachter Jaap Kloosterhuis út.

"De meeste vliegers gaan er verstandig mee om en een deel dat dat niet doet, doet dat onbewust uit gebrek aan kennis. Een ander deel doet het expres, die pak je niet met zo'n folder."

De boskwachter sjocht ek wol foardielen fan in drone. "Het levert prachtige beelden op, maar je moet de natuur niet verstoren. Een kolonietelling kan prima, als je de natuur maar niet verstoort bij het overvliegen. Maar een scholekster reageert weer fel op zo'n drone."

Staatsbosbeheer is ien fan de behearders fan it Waadgebiet en partner by de gedrachskoade.

De gedrachskoade jildt oant juny 2020, dêrnei feroaret it Europeeske belied foar drones en dat kin ek gefolgen hawwe foar de regels yn it Waadgebiet.

Boskwachter Jaap Kloosterhuis

(advertinsje)