Doarpsbelang De Tike oer sluting skoalle: "De flaggen hingje healstôk"

13 jul 2019 - 17:00

Doarpsbelang De Tike is teloarsteld dat it PCBO-bestjoer fan basisskoalle De Gielguorde neat fan him hearre litten hat by de beslútfoarming om de skoalle te sluten. Dat seit foarsitter Bettie Elverdink fan doarpsbelang De Tike.

It doarp is tige teloarsteld dat de stichting Onderwijsgeschillen freed besletten hat dat De Gielguorde yn De Tike mei basisskoalle De Leister Igge yn De Pein fusearje mei. It gebou fan De Gielguorde giet ticht.

"It is in grutte teloarstelling dat besletten is om de skoalle te sluten. Minsken wienen bot oandien en hingje de flaggen healstôk", seit Bettie Elverdink fan doarpsbelang De Tike. Se is benammen net te sprekken oer hoe't it gien is. "We ha as doarpsbelang neat heard fan it PCBO. As de koepel útlis jûn hie en it doarp meinommen hie, dan hie dat better west."

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Doarpsbelang hie de skoalle graach hâlde wollen. "It stiet yn it hert fan De Tike. Moarns geane de bern derhinne. It is ien en al beweging. Mar sa'n beslút fan de koepel om te sluten is lestich te kearen. Mar we hienen graach mei syn allen sjen wollen wat mooglik is en meinommen wurde wollen."

Bettie Elverdink fan doarpsbelang De Tike

De skoalle hat hast 90 jier bestien. "De sluting docht wat mei it doarp. It is hiel pynlik." Se hat ek noed oer de leefberheid fan it doarp. "Minsken mei bern sizze dat as der gjin skoalle mear is, dat se deroer neitinke om fuort te gean."

De Stichting Onderwijsgeschillen behannele de sluting fan de skoalle omdat der in skeel wie tusken de ûnderwiiskoepel dêr't de skoalle ûnder falt en in groep âlden dy't de fúzje tsjinhâlde woe. De koepel seit dat der gjin takomst foar de skoalle yn De Tike is, omdat der te min bern yn it doarp binne. De âlden bestride dat.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Trefwurden: 
skoalle De Tike De Gielguorde
(Advertinsje)
(Advertinsje)