Kollum: "It bêste lan fan de ierde"

"Myn favorite ûnderdiel op skoalle wie sûnder mis topografy. Alle haadstêden fan de wrâld en de lannen dy't dêr by hearden, learde ik út de holle. Net omdat dat moast, mar omdat it myn ynteresse hie. Tsjintwurdich ha we allegearre in Tomtom yn de auto, ik ek, mar as ik op wei bin nei in doarp yn Fryslân hoech ik dy meastal net te brûken. It fernuveret my dan ek dat guon bern net witte hoe't se twa doarpen fierder komme moatte. Lokkich ha se de navigaasje by harren, mar op de fyts meie se dêr net mear nei sjen, dus miskien leare se no wer mear fan de omjouwing.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Lêstendeis die my bliken dat myn kennis fan de haadstêden aardich rustich wurden is. Der binne ek in soad lannen dy't fan haadstêd feroare binne, of der in oare namme oan jûn ha. Hoe dan ek, de kaart fan de wrâld sit aardich yn myn holle. Dizze wike kaam ik in artikel tsjin dat in moai soad fan dy fêste topografyske wearden op de kop sette. Ik wol jim net ûntmoedigje, mar dy wrâldkaart doocht foar gjin meter. Ja, Ruslân is noch wol altyd it grutste lân dat der is, mar der binne ek saken dêr't jim grif fan opsjogge. Ik die it teminsten wol.
Litte we ris begjinne mei ús buorlju fan de Brexit. Dat Feriene Keninkryk is dochs in machtich grut eilân? No, dat falt nochal ôf. As ik jim freegje yn hokker folchoarder jim de folgjende eilannen sette soenen, bin ik benijd. Nij-Seelân, It Feriene Keninkryk, Madagaskar en Japan. Alle fjouwer eilannen. Fansels is Ingelân fierwei it grutste, sjoch mar op de kaart. Jammer, mar de kaart doocht dus net. Ingelân is fan dizze fjouwer nammentlik it lytste fan allegearre. En it grutste? Dat is dus Madagaskar.
Noch in hiele aardige is it feit dat Afrika folle lytser op de kaart stiet as dat it yn werklikheid is. De USA, it grutste part fan Europa en Sina passe kwa fjouwerkante kilometers yn it kontinint Afrika. Australië stiet ek fierstente lyts op de map. Sawat it hiele oerflak fan Europa en de USA past dêr yn. Soks is grif nijs foar de measten fan jim.
As je nei Kanada en Sina sjogge, liket Kanada folle en folle grutter, mar yn werklikheid binne beide lannen hast like grut. Alaska is op de kaart in mega grut stik wyldernis en folle grutter as bygelyks Meksiko. Jim fiele it al oankommen, Meksiko is dus yn werklikheid grutter as Alaska. Lannen ticht by de noardpoal wurde grutter tekene as dat se binne, wylst dat mei Australië en Nij-Seelân dus krekt oarsom is.
De grutste flater op de kaarten moat wol Grienlân wêze. Op guon kaarten is Grienlân grutter as Súd-Amearika en hast like grut as Afrika. Lit jim net foar de gek hâlde, Súd-Amearika is acht kear sa grut as Grienlân en Afrika mar leafst fjirtjin kear.
It docht bliken dat de Europeeske lannen optysk folle grutter makke binne. De earste kaarten waarden ek troch seefarders út de âlde wrâld optekene en dy sille de thússituaasje grif mei wat opportune optimismen bemetten ha. It eigenaardige is dat mei al de moderne middels dy't der binne, noch altyd de âlde tinkbylden bestean bliuwe. Nederlân is trouwens noch altyd like lyts as altyd, it bongelet op plakje 133 yn de mondiale list, mei Denemarken boppe en Switserlân ûnder ús. It lytste lân is en bliuwt it Fatikaan.
En yn it bêste lân op ierde wenje wy as Friezen, mar dat wisten jim grif al."