Eefkes byprate mei: Pieter Meeter fan it Akkrumer skûtsje

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start steane fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Dizze sneon is dat Pieter Meeter fan it skûtsje fan Akkrum.
Pieter Meeter © Martin de Jong
Pieter is sûnt 2007 skipper yn de SKS. Ofrûne jier einige hy mei Akkrum op it tredde plak.
Hoe is it mei de teamspirit?
"De teamspirit is poerbêst. Wy hawwe al jierren in fêst team dus mei dat teamgefoel sit it wol goed. Dêr is yn de jierren noait wat oan feroare."
Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Snits fyn ik it moaist. It brede wetter, genôch djipte, it is gewoan in moaie lokaasje. Mar ek op 'e Lemmer en by Grou fyn ik it moai om te silen."
Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Tsja, wat moatte we oars dwaan. Ofrûne jier binne we tredde wurden, dus dat is hiel goed. Goede wedstriden mei gjin protesten, dus dy koers moatte we fêsthâlde."
Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Nee, we hawwe in rêstige winter hân en net in soad feroare."
Wat meie wy net fan jim witte?
"Myn pinkoade. Fierder binne wy in iepen boek."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"Wy binne net fan dy grutte iters foar de wedstriid dus meastentiids hâldt it mei in broadsje wol op. Nei de tiid dêrfoaroer hawwe we echt bearehonger, dus dan giet in board pasta der wol yn."
Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"Dat binne in stik as trettjin. Se binne allegear rap en spûkje allegear om ús hinne, mar Grou en Earnewâld meitsje ek dit jier wer goede kâns."
Wêrom sille jim dit jier winne?
"Pfoe, it wurdt wer hiel spannend dit jier. Mei in bytsje fantasy kin elkenien kampioen wurde. Alles leit tichtby inoar, moatst in bytsje gelok hawwe en it moat in bytsje meisitte."
It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei in folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn Skûtsjesilen 2019 werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.