Hendrik Algraweg yn Ljouwert is no definityf ticht

13 jul 2019 - 15:15

It hat efkes duorre, mar de Hendrik Algraweg yn Ljouwert is freedtejûn definityf ôfsletten. Fan 20.00 oere ôf koe der gjin ferkear mear oer de dyk tusken it Frysk Lânboumuseum oant de rotonde by de Newtonleane yn Ljouwert.

Mei stekken is earst ien stik fan de dyk ôfsletten. "Wy sette ôfsetstekken del, sa't de minsken dúdlik sjen kinne dat de dyk ticht giet. We dogge dat earst oan ien kant, sa't de auto's net mear de dyk yn ride kinne, mar der noch wol út," sa seit Oeds Postma, ien fan de meiwurkers. Oan de oare kant fan de dyk wurdt itselde dien.

Yntusken binne oan ien kant saneamde 'barriërs' fan izer pleatst en oan de kant fan Goutum sânsekken fan 1,5 ton it stik. Dit wurdt dien sa't minsken de stekken net ferskowe kinne om der dan noch omhinne te gean. In pear auto's en in frachtwein besochten nei 20.00 oere de dyk op te gean, mar sy moasten swaaie of fia de Boksumerdyk harren paad ferfolgje.

Johanna Brinkman wie by de ôfsluting

(advertinsje)