Bergsma-en-dy winne finale op It Hearrenfean fan Van der Bos

12 jul 2019 - 21:18

It partoer fan Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hat freedtejûn op It Hearrenfean de haadklassepartij frije formaasje op syn namme skreaun. Yn de finale wûnen Bergsma-en-dy mei 5-3 en 6-4 fan de fierder dit seizoen oppermachtige Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra.

De beide partoeren giene oant in stân fan 3-3 noch aardich lykop. It sânde earste gie lykwols ienfâldich nei Bergsma, Hiemstra en Wassenaar, wêrnei't it ek nochris 5-3 waard. By in stân fan 6-4 sloech Tjisse Steenstra bûten, wêrmei't Bergsma-en-dy de winst pakten. Earder diene se dat al yn Harns, twa wiken lyn.

De lytse preemje op It Hearrenfean wie foar Enno Kingma, Alle Jan Anema en Jouke Bosje. Marten Bergsma waard nei ôfrin fan de finale útroppen ta kening.

Froulju yn Boalsert

Op it keatsfjild yn Boalsert wûnen Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra de haadklassewedstriid foar de froulju. Sy fersloegen yn de finale Annet de Haan, Margriet Bakker en Marrit Zeinstra.

(advertinsje)
(advertinsje)