Lieuwe Westra set in hostel op foar hurdfytstoeristen yn Spanje

12 jul 2019 - 21:09

Ald-hurdfytser Lieuwe Westra (36) sil takom winter yn it Spaanske Calpe in hostel iepenje foar hurdfytstoeristen. Dat makke de eardere prof freed bekend, hy wie gastsprekker yn 'Le Tour Talkshow' yn in hurdfytskafee yn Grins. Westra wennet op 't stuit yn Calpe.

Lieuwe Westra - Foto: ANP

Neffens Westra sels fielt hy him wer goed en traint hy sa'n 100 kilometer op in dei. No moat der dus in hurdfytshostel komme. "En zelf ga ik iedere dag mee," dat sei hy op de earste edysje fan it talkshow-evenemint fan hurdfytskafee Spaak en Wieler Revue. Calpe is it wenplak fan Lieuwe Westra, earder hat hy dêr as hurdfytser ek wol traind. Lieuwe Westra is yn 1982 berne yn Mûnein en hat lang yn De Tynje wenne.

'Het beest'

Yn 2009 die Westra foar it earst mei oan syn earste grutte omgong: de Vuelta. In lytse acht jier letter hold Westra op mei it profesjoneel hurdfytsen. Hy ferklearre dat hy te lijen hie ûnder depresjes. In april 2018 kaam hy mei in boek, nei syn bynamme 'Het Beest' neamd. Dêryn bychte hy op dat hy yn syn karriêre cortisonen brûkt hat. Dochs is hy nea betrape op it brûken fan doping.

(advertinsje)