Cambuur ferslacht Harkemase Boys yn oefenduel, iepeningstreffer foar Schouten

12 jul 2019 - 20:57

Sportklup Cambuur hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin Harkemase Boys mei winst ôfsletten. Op it sportpark fan de Ljouwerter Sweltsjes wie Cambuur mei 3-0 te sterk foar de ploech fan De Harkema.

Al yn de twadde minút hie Cambuur it earste doelpunt te pakken. Erik Schouten kopte yn syn earste offisjele wedstriid yn tsjinst fan Cambuur binnen út in corner: 1-0. In skoftke letter hie Dennis van Duinen lykmeitsje kinnen, mar Cambuur-keeper Pieter Bos brocht rêding. Krekt foar it skoft makke Kellian van der Kaap de twadde goal foar de Ljouwerters.

Goal Jacobs, mar ek blessuere

Yn de fyftichste minút kaam Cambuur op in 3-0 foarsprong. In moaie yndividuele aksje fan Kallon waard ôfmakke troch Jamie Jacobs. Mees Hoedemakers moast efkes letter ferfongen wurde fanwegen in blessuere. Yn it lêste part fan de wedstriid kamen beide ploegen net mear ta skoaren.

SC Cambuur - Harkemase Boys 3-0 (2-0) 2. Schouten 1-0; 39. Van der Kaap 2-0; 50. Jacobs 3-0.

Opstelling Cambuur: Bos, Van Deelen (62. Raghoebar), Van der Kaap (62. Berk), Schouten (86. Sambissa), Sambissa (62. Bangura), Hoedemakers (75. Van der Kaap), Jabobs (55. Bouman), Maulun, Robertha (45. Paulissen), Mühren, Kallon.

Opstelling Harkemase Boys: Huisman (45. Jansema), De Jong (71. Ten Have), Achuna, Ten Have (45. Bouius), Postma (64. Van Duinen), Gonzales (45. Veldman), Slort (74. Postma), Dantuma (45. De Jong), Bruintjes (74. Dantuma), Van Duinen (45. Dijkstra), Oldenburger (64. Veenstra).

(advertinsje)