Ruterskertier mooglik busfrij: gemeente om tafel mei ûndernimmers

13 jul 2019 - 15:25

Undernimmers oan it Ruterskertier yn Ljouwert wolle tenei gjin bussen mear troch harren strjitte. In plan dêrfoar wie in pear jier lyn al makke, mar de gemeente woe de komst fan de Pathé-bioskoop earst ôfwachtsje om mei in langetermynoplossing foar de strjitte te kommen. No't de earste peallen fan de bioskoop de grûn yn gien binne, pakke de ûndernimmers it plan der wer by.

Ruterskertier mooglik busfrij: gemeente om tafel mei ûndernimmers

No't de nije bioskoop der komt, feroaret it Ruterskertier fan in bouput yn in strjitte mei in ferskaat oan ferdivedaasje. En dêr wolle de hoareka-ûndernimmers op ynspylje. "We wolle gruttere terrassen, sadat we ek middeis iepen kinne en dêr passe gjin bussen by", seit Ton Eijer, eigener fan kafee Scooters en oansprekpunt fan de ûndernimmers yn de strjitte.

Mear minsken

Mei de nije Pathé komme der yn de takomst oerdeis mear minsken nei it Ruterskertier en dêr wol de hoareka op ynspylje. De hoareka-gelegenheden hawwe no wol romte foar in lyts terras op strjitte, mar dêr komme neffens Eijer net folle minsken op ôf. Ek om't it net gesellich sitte soe mei in soad bussen dy't der delride.

Foto: Omrop Fryslân

De bussen nimme net allinnich tefolle romte yn beslach, se soargje somtiden ek foar gefaarlike situaasjes op it Ruterskertier. Minsken dy't jûns bûten yn in rige wachtsje moatte foardat se de diskoteek yn kinne, wurde ferrast troch de oankommende bussen.

No't de earste peallen fan de bioskoop de grûn yn gien binne, pakke de ûndernimmers it plan fan doetiids der wer by. De gemeente hat earder sein wer opnij nei de plannen sjen te wollen as de Pathé iepen giet. Dat momint komt no tichterby.

We ha noch in buskonsesje oant 2022, dus oant dy tiid sil der net folle feroarje.

Friso Douwstra, wethâlder

De gemeente is al in skoft mei de ûndernimmers yn petear oer it Ruterskertier, mar nei de simmer sil it eardere plan wer konkreet oppakt wurde. "We ha noch in buskonsesje oant 2022, dus oant dy tiid sil der net folle feroarje", seit wethâlder Friso Douwstra. "Mar wy wolle ek in leefbere binnenstêd en dêr hearre net fan dy hiele grutte bussen by dy't troch de stêd ride."

Oan de oare kant wol de gemeente de stêd en dus ek it Ruterskertier berikber hâlde. Douwstra begrypt it gefoel fan de ûndernimmers dat neidat de hiele binnenstêd oanpakt is, it Ruterskertier wat lizzen bleaun is. "We kinne ús daliks tariede op de buskonsesje fan nei 2022 en we sille sjen oft we foar dy tiid al wat dwaan kinne", seit Douwstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)