Keatser Taeke Triemstra hellet Sake Saakstra yn en is fjirde op ivige ranglist

12 jul 2019 - 19:19

Taeke Triemstra is freed klommen nei it fjirde plak fan it ivige keatsklassemint. Troch de finale te heljen by it haadklassekeatsen op It Hearrenfean pakt er twa punten. Dêrmei komt er op 771 punten en hellet er Sake Saakstra yn.

Taeke Triemstra - Foto: Henk Bootsma

Triemstra hat ek de toptrije yn it fizier. Hy hat noch 14 punten nedich om op likense hichte te kommen mei Wiebren van Wieren, dy't 785 punten hat. De list wurdt oanfierd troch Piet Jetze Faber mei 885 punten. Hotze Schuil is mei 876 punten twadde.

Yn juny ferline jier klom Triemstra de topfiif yn. Yn koarte tiid helle er respektyflik Tunno Schurer en Chris Wassenaar yn.

De top fan it keatsklassemint by de manlju:

  1. Piet Jetze Faber, 885
  2. Hotze Schuil, 876
  3. Wiebren van Wieren, 785
  4. Taeke Triemstra, 771
  5. Sake Saakstra, 770
  6. Chris Wassenaar, 699
  7. Tunno Schurer, 695
(advertinsje)