Seis deade kittens fûn yn feart op It Hearrenfean

12 jul 2019 - 18:48

De stichting Huisdierhulp Heerenveen hat freed seis deade jonge katsjes út de Engelenvaart op It Hearrenfean helle. Fjouwer dêrfan sieten yn in pûde. De oare twa waarden út it wetter helle.

Foto: ANP

De stichting tinkt dat de katsjes fuort neidat se smiten binne, yn de feart goaid binne. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
plysje It Hearrenfean kat
(advertinsje)