"Boeren fan de takomst moatte harren aktiviteiten spriede"

12 jul 2019 - 18:02

Melkfeehâlders moatte hieltyd mear sels bepale hokker bedriuwsmodel harren de bêste takomst biedt. De tiid fan ien model foar de hiele sektor liket echt foarby. Diversifisearjen, it sprieden fan aktiviteiten, is it kredo dat past by it boeren fan de takomst. Dat is de konklúzje fan steatelid en boer Marten Dijkstra tongersdei yn Aldeboarn, nei twa jier stúdzje yn de hiele wrâld.

Dijkstra die ûndersyk nei it bêste takomstbestindige fertsjinmodel foar boeren, mei stipe fan in ynternasjonale beurs: de Nuffield scholarship. 'Diversifikaasje' kin op ferskate wizen, seit Dijkstra. Sa kin de boer bygelyks besykje om de hiele produksjeketen yn hannen te nimmen fan de buorkerij oant de konsumint. Dat betsjut sels ferkeapje of de produkten streekrjocht oan de supermerk leverje, mar ek kin hy it bedriuwsmodel ferbreedzje mei greidefûgelbehear of in bernedeiferbliuw.

Risiko

De kar foar it bedriuwsmodel kin ek in risiko opsmite, benammen by de opfolging, seit Rick Hoksbergen fan lânbou-adviseur en accountantskantoar Alfa. It kin wêze dat dit net by de opfolger past. Feroarjen is dan net ienfâldich. Dochs seit Hoksbergen dat it net meitsjen fan in kar yn dizze tiid it minste is dat je dwaan kinne.

Dijkstra tinkt net dat it fergrutsjen fan it ferskaat yn de sektor de ein betsjut fan de koöperaasjes, lykas FrieslandCampina of A-ware. Sy sille harren funksje hâlde foar de mear tradisjonele boer. It leverjen fan de molke oan de koöperaasje dy't de produkten makket en yn de merk set hat wol soarge foar in gat tusken boer en konsumint, konstatearret Dijkstra.

Boer nei boarger ta

"Bern witte net mear wêr't de molke wei komt en dus ek net wat de wearde derfan is. Dat soarget foar problemen." De boer moat nei de boarger ta, as dy begrypt wêr't de molke wei komt is hy ek earder ree om der mear foar te beteljen."

Dijkstra buorket sels biologysk, docht oan greidefûgelbehear en hie earder ek in bernedeiferbliuw. Dat lêste is yntusken wer ticht. Syn ideaal is om de kommende fiif jier yn gearwurking mei in tal boeren út de omjouwing streekrjocht molke te leverjen oan bygelyks in fersoargingstehûs of sikehûs.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)