Alden basisskoalle De Tike teloarsteld: "Der wie noch takomst mooglik"

12 jul 2019 - 17:11

"We hiene hope dat we in kâns krije soene om troch te groeien, mar dat wurdt ús net gund." Dat sizze de âlden fan basisskoalle De Gielguorde yn De Tike, nei it beslút fan de Stichting Onderwijsgeschillen oer de skoalle.

Dy stichting makke freedtemiddei bekend dat de fúzje tusken de skoalle fan De Tike en De Leister Igge yn De Pein trochgean kin. Dat betsjut dat it gebou fan De Gielguorde ticht giet.

"De skoalle giet ticht, en de bern sille by in oare skoalle ûnderbrocht wurde moatte", seit Jan Kooistra, dy't út namme fan de âlden it wurd docht. Hy is bot teloarsteld oer it beslút fan de Stichting Onderwijsgeschillen. "De wize wêrop't it gien is, dy stekt ús it meast."

"Takomst mooglik west"

"It bestjoer hat liedend west by it feit dat in soad bern foartidich ôfskied nommen hawwe fan de skoalle", fynt Kooistra. "As wy ferline jier allegearre deselde kant út lutsen hiene, dan hie der bêst takomst mooglik west. Dat is ek wat ús en it doarp it measte sear docht."

Trefwurden: 
basisskoalle De Tike
(Advertinsje)
(Advertinsje)