FIDEO: In aventoer troch Afrika mei in Goggomobil yn 1959

It is 1959 as Dinie Kalverboer en Vegter van Slooten yn in lyts autoke stappe foar in grut aventoer. De twa freonen sille foar trije jier mei in Goggomobil nei Afrika. De rûte rint fan Grins nei Kaapstad en werom, sa is de bedoeling. Kalverboer, dy't doe noch Vrieling hjitte, is 21 jier as se yn 'e auto stapt. Yntusken is Kalverboer 82 jier en komt der in skriuwer út Ingelân by har oer de flier om it ferhaal fêst te lizzen.
It avontuer fan twa twintigers
De skriuwer is net samar in skriuwer. John Adams is yn deselde tiid as Kalverboer en Van Slooten ek op reis yn Afrika. Mei syn âlden en sussen luts hy troch it kontinint doe't hy noch in jonkje wie. By de reis kaam de famylje Vegter van Slooten en Dinie Kalverboer tsjin. It kontakt wie unyk, om't toerisme der doe noch net wie. Letter ha se inoar wer moete oan 'e ein fan harren reis troch Afrika.

Boek skriuwe

Sechstich jier letter wol John Adams graach in boek skriuwe oer syn reis troch it kontinint. Derby heart ek de moeting mei Dinie en Vegter. Hy wol graach yn kontakt mei se komme om alle dokuminten en ferhalen te sammeljen. Nei in syktocht fynt er it adres fan Van Slooten. Hy skriuwt him in brief en hopet op it bêste. Van Slooten ûntfangt de brief yn jannewaris 2019, mar hat muoite mei de Ingelske taal.
Van Slooten is yntusken 93 jier âld en beslút de brief nei syn reisfreondinne Dinie te stjoeren. Dinie Kalverboer sprekt mar leafst acht talen en wit wol ried mei de brief. In reaksje moat allinnich op him wachtsje litte, as Kalverboer foar in pear moanne yn it sikehûs rekket.
No, in heal jier letter, is it dan safier. John Adams stiet mei syn frou en soan op 'e stoepe fan Dinie Kalverboer yn Ljouwert. De ferhalen wurde wer ophelle. De foto's wurde dield. De soan leit alles fêst om in dokumintêre te meitsjen.
© Omrop Fryslân