Ballonneferbod hellet it no wol yn Achtkarspelen

12 jul 2019 - 17:02

By eveneminten yn de gemeente Achtkarspelen meie tenei gjin ballonnen mear de loft yn litten wurde. De ried hat mei de lytst mooglike mearderheid ynstimd foar in ferbod op it op- en loslitten fan ballonnen.

Foto: Pexels.com

FNP, ChristenUnie, PvdA, GrienLinks en riedslid Buising, mei-inoar goed foar 11 fan de 21 sitten, stimden foar de moasje om ballonnen te warren. Wichtichste reden is dat it plestik in grutte bedriging foar it miljeu foarmet. Fisken, fûgels, kij en oare bisten ha der lest fan en guon bisten geane der sels dea oan.

De oare partijen yn de ried - CDA, Gemeentebelangen, PVV en VVD - sizze ek soargen te hawwen oer it plestik sop. Mar se binne net foar in ferbod. It liket se sinfoller om oan foarljochting te dwaan en minsken bewust te meitsjen fan it probleem.

Yn desimber noch ien stim tekoart

Yn desimber kamen FNP, ChristenUnie, PvdA en GrienLinks ek al mei in moasje om it oplitten fan ballonnen te ferbieden. Doe kamen se ien stim tekoart, mei omdat Rinus Buising doe noch by de fraksje fan Gemeentebelangen siet. Dêr is er yn maart útstapt. Hy wie no dus foar it ferbod.

(Advertinsje)
(Advertinsje)