Omrop no ek te finen op Spotify

12 jul 2019 - 16:30

Hâldsto der fan om muzyk te harkjen en dochsto dat meastentiids mei streamingstsjinst Spotify? Dan hawwe wy goed nijs foar dy: tenei is Omrop Fryslân ek op Spotify te finen. Marjelle Boorsma fan de onlineredaksje fertelt dy der yn dit artikel wat mear oer.

Foto: Omrop Fryslan, Marjelle Boorsma

Wêrom sitte jim as Omrop Fryslân op Spotify? Jim binne dochs al te beharkjen op de radio?
"Dat kloppet, en wy bliuwe ek te belústerjen op 92.2 FM en op de Omrop-app. Mar de populariteit fan streamingstsjinsten lykas Spotify en YouTube nimt ek in protte ta. Dêr wolle wy as Omop fansels op ynspylje. Dêrneist kinne ús harkers fia Spotify ek in oantal aardige ekstra's beharkje as oanfolling op ús radioprogrammearring."

Om hokker ekstra's giet dat dan?
"Ferskate radio-dj's hawwe in eigen list gearstald mei harren muzikale favoriten. Kinsto bygelyks gjin genôch krije fan 'Mei Douwe' of fan 'Weistra op Wei'? Op Spotify binne de persoanlike favoriten fan Douwe en Harm te belústerjen yn in eigen muzyklist."

"Ek foar 'Noardewyn Live' hawwe wy in moaie muzyklist gearstald dêr't de artysten werom te finen binne dy't de ôfrûne moannen yn Noardewyn spile hawwe."

Watfoar muzyk stiet der yn de muzyklisten fan Omrop Fryslân?
"Wy hawwe benammen muzyk opnommen fan Fryske boaiem. Dat betsjut Frysktalige muzyk of muzyk fan muzikanten út Fryslân. In oantal listen bestiet út inkeld Frysktalige nûmers. Dizze listen binne te werkennen troch it label '100% FRYSK'."

"It giet dan ûnder oare om de listen 'Rûchhouwers', mei rock en metal, 'Folksmuzyk', mei nûmers lykas 'It bûthúsbankje' en 'De âlde boekebeam' en de list 'Smûke skatten' mei sêfte pop. Ek hawwe wy noch ferskate temalisten wêrûnder 'De Fryske Top 100' en 'Simmer yn Fryslân'."

Is der in protte muzyk fan Fryske boaiem?
"It oanbod is der seker wol! Sjoch allinnich al nei ús programma 'Noardewyn Live', it muzikale doarpsplein fan Fryslân dêr't Willem de Vries alle wiken geweldige Fryske artysten yn de studio hat. De muzyk is der, mar it kin wol ris dreech wêze foar minsken om online de muzyk te finen. Dat hat der ûnder oaren mei te krijen dat de ôfsetmerk foar Fryske muzyk net sa grut is."

"Wy fine it as Omrop wichtich om ambassadeur te wêzen fan de Fryske muzyk en Fryske muzikanten en hoopje der mei Spotify foar te soargjen dat de online fynberens fan muzyk út ús provinsje grutter wurdt."

Hoe kin ik de muzyklisten fan Omrop Fryslân fine en belústerje?
"Op ús temaside omropfryslan.nl/muzyk fynst alle ferskate muzyklisten. Mei de Omrop-app kinst dêr komme troch de knop 'mear' en dan 'muzyk' ûnder it kopke 'Omrop Tip'."

"Klik op in muzyklist en de list iepenet yn Spotify. Wy binne dêr fansels ek direkt te finen. Sykje nei it profyl fan Omrop Fryslân en klik op de knop 'folgje' om op de hichte te bliuwen fan alles wat wy op Spotify dogge. Alle muzyklisten binne ek fia it profyl fan Omrop Fryslân te besjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)