Harkemaster temapark De Spitkeet wol mear parkearplakken en laadpeal

12 jul 2019 - 16:10

Temapark De Spitkeet op 'e Harkema sit te springen om mear parkearplakken. Troch de grutte oanrin fan besikers hat it iepenloftmuseum geregeld te min parkearromte.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It bestjoer fan De Spitkeet wol de parkearkapasiteit fan it park lâns de Betonwei útwreidzje mei tweintich ferhurde plakken. Boppedat wol it temapark graach in elektryske laadpeal ha.

By de behanneling fan de Kadernota 2020 troch de gemeenteried fan Achtkarspelen sprutsen de fraksjes fan FNP, PvdA en GrienLinks harren út foar de oanlis fan ekstra parkearplakken. De moasje krige lykwols gjin stipe fan de rest fan de ried en helle it dêrom net. Wethâlder Max de Haan rôp it bestjoer fan De Spitkeet op om mei in plan te kommen, sadat se ek fûnsen foar subsydzje oanskriuwe kinne.

De Spitkeet hie ferline jier mear as 20.000 besikers. Dat wie in rekôr foar it temapark.

(Advertinsje)
(Advertinsje)