De Gielguorde yn De Tike mei fusearje en ticht, seit skeelkommisje

12 jul 2019 - 15:29

De fúzje fan basisskoalle De Gielguorde yn De Tike mei basisskoalle De Leister Igge yn De Pein kin trochgean. Dat fynt de Stichting Onderwijsgeschillen. Dat betsjut dat it gebou fan De Gielguorde dêrom ticht giet.

Foto: Omrop Fryslân

Freed behannele de Stichting Onderwijsgeschillen it skeel tusken de ûnderwiiskoepel dêr't de skoalle ûnder falt en in groep âlden dy't de fuzje tsjinhâlde wol.

Neffens de koepel is der gjin takomst foar de skoalle omdat der te min bern yn it doarp binne. De âlden sizze just dat der noch genôch jonge famyljes binne dy't har bern op de skoalle hawwe wolle. Dat hat de ôfrûne tiid foar in soad ûnrêst en striid soarge. Omdat de partijen der net útkomme is no de help fan de lanlike geskillekommisje ynroppen.

Wêrom't de Stichting Onderwijsgeschillen de koepel gelyk jout, is noch net dúdlik. Dat wurdt oer seis wiken skriftlik taljochte.

Bas van Loo sit yn it bestjoer fan De Gielguorde. "We hopen dat de ouders kun kinderen aanmelden bij De Leister Igge, een aantal heeft dat ook al gedaan." It giet om sechstjin bern dy't in nije skoalle sykje moatte. "Dat we na negentig jaar een school moeten sluiten doet zeer, maar de krimp in de regio geeft ons geen andere mogelijkheid."

Gjin feest

De skoalle is yn it gelyk steld troch de skeelkommisje, mar bliid is Van Loo net. "Ik vind het heel verdrietig dat we vandaag naar Utrecht moesten om met ouders naar de geschillencommissie te gaan. We hebben wel gelijk gekregen over de fusie, maar het voelt niet als winst. Het voelt als verlies, want we hadden de kinderen graag een mooi afscheid gegund. Een waardig afscheidsfeest is ons niet gelukt. Het is maandag zomervakantie. De ouders krijgen een brief hoe het nu verder gaat. Een feeststemming is het hier zeker niet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)