KNMI jout koade giel foar Fryslân fanwege swiere tongerbuien

Flinke tongerbuien meitsje dat it KNMI koade giel ôfjûn hat foar Fryslân. De warskôging jildt oant seis oere freedtejûn. Rûnom yn de provinsje falt in soad rein en as gefolch dêrfan stean strjitten splis.
Rein yn Ljouwert
Neffens it KNMI is der lokaal kâns op flinke tongerbuien, mei dêryn mooglik wynstjitten, hagel en flink wat rein. It waarynstitút hâldt dêrby rekken mei 20 oant 30 milimeter delslach yn 'e oere.

Wynhoazen

It KNMI warskôget net it iepen wetter op te gean of nei iepen gebieten. Op De Iselmar is earst ek noch kâns op wynhoazen.
Ek foar de measte oare provinsjes yn Nederlân jildt foarearst koade giel.
Bylden Noordvliet