Dokterswacht krijt measte telefoantsjes op saterdeis

12 jul 2019 - 15:09

De Dokterswacht yn Fryslân wurdt it faakst belle op saterdeis: it ôfrûne jier yn trochsneed 820 kear deis. Dat docht bliken út it jierferslach fan de dokterssoarch.

Dokterswacht Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn totaal hat de Fryske Dokterswacht 153.000 kear yn aksje west.

Fierder wiene der 15 húsdokters dy't it ôfrûne jier in praktyk oernimme woene. Dêrtsjinoer stiet dat der 21 praktiken binne dy't noch in húsdokter sykje.

(advertinsje)
(advertinsje)